Fleane
Muzyk op mei myn eagen ticht
Sjoch ik dy, sjoch ik ús, sa foar my
Ik wit net folle, mar ik wit dit wol
Do hast myn hân, do hâldst myn hert
Ticht by dy
Ik wol mei dy fleane nei de moanne
Ik wol mei dy dûnsje yn e rein
Ik wol by dy wêze want do bringst my rêst
Do hâldst my rjocht oerein
Ik wol sa graach tsjin dy sizze
Dasto alles bist foar my
De tiid stiet stil as ik by dy bin
Mar giet oeh sa gau foarby
Sa gau foarby
Muzyk op mei myn eagen ticht
Ik tink oan dy, ik hjer dyn stim ticht by my
Ik wol mei dy laitsje yn'e sinne
Ik wol mei dy gûle yn'e rein
Ik wol by dy wêze want do bringst my rêst
Do hâldst my rjocht oerein
Ik wol mei dy fleane nei de moanne
Ik wol mei dy dûnsje yn'e rein
Ik wol by dy wêze want do bringst my rêst
Do hâldst my rjocht oerein
Rjocht oerein
En as der ea in tiid komt
Datst it even net mear witst
Dan wol ik dy fertelle
dasto op my bouwe kinst
En as der dan in tiid komt
dast it allegear ferjitst
Dan sil ik tûzend kear fertelle
Datsto myn takomst bist
Ik wol mei dy fleane nei de moanne
Ik wol mei dy dûnsje yn'e rein
Ik wol by dy wêze want do bringst my rêst
Do hâldst my rjocht oerein
Ik wol mei dy laitsje yn'e sinne
Ik wol mei dy gûle yn'e rein
Ik wol by dy wêze want do bringst my rêst
Do hâldst my rjocht oerein
Rjocht oerein
Do hâldst my rjocht oerein